Rikus sint nyk - JitiizeR Jitiizer doniarock 2014 - JitiizeR Jitiizer new york toer - JitiizeR Jitiizer doniarock podium 2014 - JitiizeR
De Fryske Tonger Core band JitiizeR is offisjeel berne op 18 augustus 1991.

Fjouwer mannen, noch net ree foar it konserfatorium, hienen de grutte drang om ris meienoar in goed stik lefen te meitsjen. Josse (gitaar), Bongel (bongels), WilSon (gitaar) en De Gledde (stroate) koenen terjochte yn de loads fan Jonkman yn Sint Nyk. De kniptafel fan de seilmakkerij wie it poadium.

Binnen inkelde wiken hienen wy de earste nűmers hielendal ˙twurke: "Readkapke", "Johannus", "Oan 'e Kant" en "Yosties". It earste optreden siet deroan te kommen en it swit gong De Gledde troch de naat; in seal fol minsken wie tefolle fan it goeie. Al rap fűnen wy Wally efter in wetterpipe en hienen wy in echte snetterbek!

Troch it kabaal dat wy produsearden, kaam de tafallich foarby fytsende Tommy op it lűd ˘f. En hawar, de baskepulker wie in feit! Wy hawwe oefene en bier dronken, al soe ˙s libber der fan˘f hingje, want 7 febrewaris wie it earste optreden.

It earste optreden op 7 febrewaris 1992 wie legendarysk. "Bar de Baron" yn Sint Nyk, hielendal ˘fladen, in joekel fan in PA, de himpkes binnen in oere ˙tferkocht, twa oare bands as foarprogramma. De start fan it artystenlibben!

In goede start is it heale wurk. Yn 1992 yn totaal 12 kear op de planken; űnder oare de Fryske Gekte Toer en de finale fan de Lytse Priis fan Snits. Alle rom waard Wally tefolle en wy hawwe as goede freonen ˘fskyd nommen. Yn rekord tempo hat De Gledde de nije sjonger Vlugt ynwurke.

Yn 1993 de earste demo "Hjir Is Der Ol" en in soad űnderweis. Jierren fan sukses en yn 1996 de earste Kompakt Skiif "Frysk Tonger Core".
Spitigern˘ch moast Vlugt rŕstiger oan dwaan om gesondheidsredenen. Healwei 1998 hat Vlugt de nije sjonger Reade Rikus ynwurke.

Sawol de band as de besetting is iizer sterk, der is gjin hammer tusken te krijen:

RikuS Tongersn˙t
BongeL Bongelmepper
TommY Baskepulker
JossE Tridderauser
WilsoN Triddepieler




It alderlŕste konsert wie op 22 jannewaris 2011 yn it Sealensintrum yn Sint Nyk. In waardich ˘fskeid en in moaie ˘fsluter yn Miami: 70.000 tons of Metal .

De jokte, net te hurdzjen! Op 17 maaie 2013 hat JitiizeR yn it muzykprogramma Noardewyn (Omrop FryslÔn) nei bűten brocht dat se wer los gean!